It keunstboek/projekt iisbaan yn ‘e maaitiid kriget in prachtich ferfolch!
Wy, Hendrik Elings, BaukjeVenema en myn persoan, binne troch de provinsje Fryslan frege us keunstboek/projekt yn te setten foar it fergrutsjen fan de sichtberens fan it Frysk en de Fryske streektalen yn de iepenbiere romte. Wat ha wy betocht?
• 3 fytsrutes lans 3×4 iisbanen
• 3 saneamde sichtplakken (‘losse’ iisbanen)
• By eltse iisbaan in grut boerd mei keunst, in gedicht en ynformaasje
• In boekje (fergees te krijen by VVV’s en Fytsferhiersaken) mei in prote ynformaasje, keunst, gedichten en de fytsrutes (fia ‘knooppunten’)
• In webside
It projekt wurdt troch Lutz Jacobi (foarsitter Fietsplatform Nederland) op 2 juny iepene yn it Gemeentekantoar fan Ljouwert, dit fan 16.45 oant 18.15 oere. Ek is der in lytse eksposysje.
Alle keunstwurken gedichten dy’t yn it boek stean binne fanof 2 juny te sjen op de grutte boerden by de iisbanen. Mar ek in nij Hylper gedicht en nije keunstwurken fan Hendrik en Baukje!
Bygeand in utnuging foar de iepening. Jim binne fan herte wolkom! Kinst net komme, jou dan dyn adres troch fia in mail oan my. Dan stjoer ik in pear boekjes nei dy ta.
Ek taheakke in pdf mei de buorden (2 meter heech, 1 meter breed en it boerd sels 65 cm heech) en in pdf fan it boekje.
Graach alles noch efkes yn betrouen under it kessen oant nije wike freed. Dernei mei it runom bekind wurde!
Mei ut namme fan Hendrik en Baukje graach oant 2 juny en mei hertlike groetnis,
Eddy van der Noord
utjouwerij Louise
website iisbaan keunstrute Hier staan ook de fietsroutes duidelijk in aangegeven